Swalk - Frysk op toernee 2016

Dit jier reizget Swalk opnij troch Fryslân. Wy geane nei plakken ta yn Fryslân rûnom troch de provinsje. Wês derby! Op freed 9 septimber wurdt it Frysk Boekefeest hâlden en de njoggen dagen dêrnei swalkje wy troch Fryslân, mei byld, lûd, muzyk, fêste artysten en Fryske skriuwers, keunstners, yllustratoaren ensfh. PROGRAM BESJEN >>>

Tema: Brieven

It Kadoboek dit jier is in brieveboek. Skriuwsters Marga Claus en Aggie van der Meer ha inoar nei it ferstjerren fan de beide partners om de safolle tiid in brief skreaun. Dat hat resultearre yn in weardefol brieveboek. Beide froulju ha mail en telefoan, mar dochs ha sy der foar keazen om inoar brieven te skriuwen. MEAR LÊZE >>>